De woeste hichten

De woeste hichten
Beste geverifieerde prijsGecheckt 19 uur geleden
Maanval.nl (Books)
Uitverkocht
€29,95
Naar Maanval.nl (Books)
Laagste van 1 winkel

Over dit product

De woeste hichten, waar gaat het boek over?De roman De Woeste Hichten is ien fan de bekendste leafdesskiednissen yn de wrâldliteratuer.De roman De Woeste Hichten is ien fan de bekendste leafdesskiednissen yn de wrâldliteratuer. It is miskien ek wol de wreedste. It ferhaal spilet him ôf tsjin de achtergrûn fan de ûnbidige heidefjilden fan Noard-Ingelân, op de twa boerepleatsen De Woeste Hichten en de Lysterpleats. As de heit fan Cathy Earnshaw weromkomt fan in reis nei Liverpool docht bliken dat er in lyts jonkje bij him hat, dat er as fûnling op strjitte oantroffen hie. Hij is wat donker fan útsjuch en de suggestje is dat er fan sigeuners ôfstamt. Heathcliff, sa wurdt er neamd, sûnder achternamme, groeit op mei de suver like âlde Cathy as lid fan de famylje. Mar as de heit fan Cathy stoarn is, en de âldere broer fan Cathy de baas wurden is op De Woeste Hichten, wurdt Heathcliff linkenoan degradeard ta in arbeider, sûnder besit en sûnder komôf, en sûnder sosjaal perspektyf. Om dy reden trout Cathy úteinlik mei Edgar Linton fan de Lysterpleats, ek al hâldt se allinne fan Heathcliff. Yn de wurden oan har eardere bernefaam Nelly: ‘As ik no mei Heathcliff trouwe soe, dan soe ik mij ferleegje, dat hij sil noait witte hoefolle as ik fan him hâld. En dat is net, Nelly, omdat er kreas is, mar omdat hij mear mijsels is as ik dat sels bin. Wêr’t ús sielen ek fan makke binne, sinent en minent binne deselde […] Hij is it dêr’t yn myn libben al myn tinken om draaid hat. As alles fergean soe, en hij bleau, dan soe ik ek noch bestean bliuwe. En as alles bestean bliuwe soe, en hij der net mear wie, dan soe it hele universum mij folslein frjemd wurde.’ Heathcliff wie foar Cathy har trouwen fuortgongen, mar komt nei in pear jier fol wraakgefoelens werom, wraak op Cathy har broer, wraak yn sekere sin ek op Cathy sels. Hij slingeret har de slimste ferwiten nei de holle: ‘Do litst mij no sjen hoe wreed ast west hast – wreed en ûnoprjucht. Wêrom hast mij ferachte? Wêrom hast dyn eigen har

Alle prijzen zijn incl. btw en worden regelmatig gecontroleerd. Verzendkosten kunnen per winkel verschillen.

€29,95
Maanval.nl (Books) · laagste van 1 winkel
Naar winkel