Omsjen

Over dit product
Omsjen, waar gaat het boek over?Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert.Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn ’e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief… Yn maaie ‘45 as hiel Europa yn it ljocht fan de frijheid de frede fiert, belibbet Teatske har donkerste dagen. In dramatysk barren út har ferline makket dat it libben sa hiel oars rint as dat Teatske oait tocht hie. Wurdt de lêst dy’t se meitôget ûndraachlik of binne de libbenslange, djippe freonskippen en de leafde har ynspiraasje om it libben yn al syn djipte- en hichtepunten temjitte te gean? In oangripend ferhaal, basearre op it libben fan de mem fan de skriuwster. Anneke Sieperda (1957) is berne yn de Kooi-polder by Sleat, waard oplaat ta ûnderwizeres en wurke op ferskillende basisskoallen. Earst as learkrêft en neidat se mem waard fan fjouwer bern as ynfalster. Se spilet toaniel, hat regisseur west en skreau sketsen en stikken, foar toaniel, foar in kabaretselskip en foar jubilearjende ferieningen. Geschreven door Anneke Sieperda Voorbeeldfragment Klik hier om een fragment van "Omsjen" te lezen. Meer informatie ISBN 9789463653688 Editie 1 Hoofdauteur Anneke Sieperda Taal Onbekend Bindwijze Paperback / softback Releasedatum 11 oktober 2021 Aantal pagina's 221 Gewicht 301 gr Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij Thema Moderne & hedendaagse fictie NUR 344 - Streek- en familieromans Omvang (lxbxh) 21 mm x 14.5 mm x 2.1 mm Bijgewerkt op 05-08-2026, 08:06:47
Alle prijzen zijn incl. btw en worden regelmatig gecontroleerd. Verzendkosten kunnen per winkel verschillen.